Theun Plantinga spilet Titus Brandsma yn muzykteäterstik Titus

24 jan 2019 - 15:51

Akteur Theun Plantinga sil Titus Brandsma spylje yn it muzyktëaterspektakel Titus yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum. "It is in spesjale rol. It fielt in bytsje as is it myn jierdei", seit Theun.

Foto: Andy Doornhein

Theun Plantinga oer syn rol as Titus Brandsma

Bonifatiuskapel

Wêrom't it stik yn de Bonifatiuskapel spile wurdt? "Titus Brandsma is om it samar te sizzen 'de oanstichter' fan de bou fan de kapel", ferdútst Theun. "De foarstelling giet oer Brandsma syn hiele libben, fan syn berte oant syn dea yn konsintraasjekamp Dachau."

Kapsel en sikefûnsbriltsje meitsje it byld kompleet

Plantinga hat in hiel oar postuer as Titus Brandsma. Kin er dan wol dy rol op him nimme? "Ik lykje net op Titus. Hy wie sa lyts dat er ek wol 'De Punt' neamd waard en ik bin lang. Mar doe't ik foar de foto's myn hier by de kapper sa knippe litten haw, sa't Titus it hie, en in lyts rûn briltsje opset hie, seine se: Do likest derop."

Akteur foar jonge Titus socht

Foar de rol fan lytse Titus wurdt noch in jonge akteur socht fan sawat tusken de 8 en 12 jier. Opjaan kin op titus2019.nl op it kontaktformulier.

De repetysjes foar Titus begjinne mids april. De premjêre is op 31 maaie en dan folgje der tsien foarstellingen, allegearre dus yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)