Heger beropssaak âld-PVV-steatelid wer útsteld

De heger beropssaak tsjin âld-steatelid Pieter Buisman (eks-PVV) is tongersdei oanhâlden, omdat Buisman sûnensproblemen hat.
It gerjochtshôf yn Ljouwert © Jeroen Boersma, Omrop Fryslân
Buisman waard twa jier lyn troch de rjochtbank feroardiele foar fertsjustering fan subsydzjejild. Neidat er him ôfskieden hie fan de PVV hie de provinsje goed 17.000 euro nei him oermakke. Dat wie bedoeld as fergoeding foar in fraksjemeiwurker, om him te stypjen. Buisman hie it jild nei syn priveerekken oermakke. Hy sei dat er it net oan tiid hân hie om in fraksjemeiwurker te sykjen, omdat de provinsje it jild te let oermakke hie. Neffens him hie er syn eigen meiwurker west. Hy krige in wurkstraf fan 120 oeren ûnder betingst. Buisman gie dêr tsjin yn heger berop.

Twadde kear útstel

It is de twadde kear dat de saak oanhâlden wurdt. De earste kear krige Buisman útstel omdat er op it allerlêste momint in advokaat fûn hie om him te fertsjinwurdigjen. Hokker sûnensproblemen Buisman hat, woe syn advokaat tongersdei net folle oer sizze, útsein dat de fertochte himsels lichaamlik en geastlik net by steat achtet om by de behanneling fan de saak te wêzen. De saak is foar ûnbepaalde tiid oanhâlden.