Maulun ferfangt Van Kippersluis by SC Cambuur

24 jan 2019 - 15:01

Robin Maulun komt freed werom yn de basis by SC Cambuur. De Frânske middenfjilder ûntbruts ferline wike mei in blessuere, mar is dêrfan wer opknapt foar de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Dêrtroch moat Kevin van Kippersluis wer plaknimme op de bank. De oare tsien spilers binne deselden as tsjin Helmond Sport.

"Veld is net een schaatsbaan"

Der waard tongersdei benammen sprutsen oer it kâlde waar en de steat fan it fjild. Trainer René Hake ferwachtet dat de wedstriid freed gewoan troch giet, nettsjinsteande dat it fjild net top is. "Het veld is op bepaalde plekken net een schaatsbaan. Het is wel gevaarlijk, maar of het doorgaat is niet aan mij. Het gaat om de veiligheid van de spelers. En soms is het heel moeilijk inschatten hoe het veld is en dus onveilig. Maar de mensen die daarover moeten beslissen, moeten daarover oordelen", sa seit Hake.

Goede lijn doortrekken

Ek yn de beide doelgebieten is it fjild net best, konstatearret keeper Xavier Mous. "Het doelgebied is keihard en glad. Dat is het grootste nadeel van de kou. Daar moet je wel een beetje op letten, maar we moeten het er mee doen."

Yn Go Ahead Eagles treft Cambuur de nûmer fjouwer fan de earste difyzje. "Het is een ervaren elftal en het is niet voor niets dat ze bij de bovenste plekken staan", sjocht Hake. Op papier is it yn elk gefal in aardige wedstriid. Mous: "Het is inderdaad een mooi affiche. Wij moeten proberen de goede lijn door te trekken."

De wedstriid tusken SC Cambuur en Go Ahead Eagles set freed om 20.00 oere útein. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuurstadion wei.

(advertinsje)
(advertinsje)