Nije fertochte oanhâlden yn saak Van Seggeren

24 jan 2019 - 14:23

Der is in nije fertochte oanhâlden yn de saak fan Tjeerd van Seggeren. Dat die bliken by de pro-forma behanneling fan de saak foar de rjochtbank yn Ljouwert. De fertochte is de eks-freon fan de frou fan Tjeerd van Seggeren.

Foto: De Vries Media

De frou fan Van Seggeren sit sûnt desimber 2017 fêst as fertochte fan de moard op har man. Dizze nije fertochte, Patrick T. is in Dútser en is ferline wike oanhâlden. Hy is earder as tsjûge heard troch de plysje yn dizze saak, mar hy sei doe dat hy in aliby hie foar de moard.

De Dútser kaam wer yn byld neidat der nije ynformaasje oer de man by de plysje terjochte kaam. Ut ûndersyk die doe bliken dat it aliby fan de man net kloppet. Tjeerd van Seggeren waard yn july 2017 dea fûn yn in greide yn De Westereen.

(advertinsje)