Skoalfamke is foar in dei bankdirekteur yn Ljouwert

24 jan 2019 - 13:53

'Baas van Morgen' is in inisjatyf fan JINC. Sy wolle dat alle bern likense kânsen krije, wat harren eftergrûn ek is. By ABN AMRO yn Ljouwert is Rachel Geertsma ynienen de grutte baas. "Ik kom hier niet voor het geld, maar om een leuke ervaring op te doen", fertelt se.

Skoalfamke is bankdirekteur yn Ljouwert

Sander van Krieken is gewoanwei de bankdirekteur. Hy is goed te sprekken oer it inisjatyf 'Baas van Morgen'. "Het is goed dat scholieren uit de klas gaan en in de praktijk kijken hoe het eraan toe gaat. Dit is een unieke kans en ik hoop dat het een positieve uitwerking heeft op Rachel en alle andere bazen."

Jan Stuver, direkteur fan Connecting Hands, jout tongersdei ek de toutsjes út hannen. "It is wol spannend. Foar in dei joust dyn bedriuw út hannen. Mar it binne twa goede ferfangers", fertelt er. "Foar itselde jild dogge se it hiel goed en kin ik achteroer leune."

De 17-jierrige Marijn Stijkel fan de skoalle Piter Jelles nimt tongersdei de funksje fan Wiebe Wieling oer. Hy is direkteur fan de skoalle. "Het is gewoon een geweldige dag om mee te maken, om een keer met de directeur van een grote scholengemeenschap mee te lopen", fertelt Stijkel.

Direkteur Wieling hat der betrouwen yn. "Ik ha neat mear yn te bringen. Hy sei dat hy de baas wie en dat ik dwaan moast wat hy seit", fertelt er.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie by it evenemint oanwêzich

(Advertinsje)
(Advertinsje)