Manon Kamminga wint Aart Koopmans Memorial op de Weissensee

Friezinne Manon Kamminga hat op de Weissensee yn Eastenryk de Aart Koopmans Memorial wûn. De maratonrydster fan Haulerwyk wie de sterkste nei in tocht fan 60 kilometer. It wie in folslein Frysk poadium. Twadde waard de 19-jierrige debutante Maya de Jong, ek fan Haulerwyk. It tredde plak wie foar Merel Bosma fan It Hearrenfean.
Manon Kamminga wint Aart Koopmans Memorial
It wie foar it earst yn trije jier dat de Aart Koopmans Memorial wer riden wurde koe op de Weissensee. De ôfrûne jierren gie de wedstriid net troch fanwege minne waarsomstannichheden. De kommende dagen wurde der mear wedstriden riden op de Weissensee. Hichtepunt is kommende woansdei de alternative Alvestêdetocht.
© Timsimaging.nl