De oerlibbingsstriid fan de twa Fryske deiblêden

24 jan 2019 - 12:20

Fryslân is de iennige provinsje mei twa regionale kranten, mar yn hoefier binne de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd takomstbestindich? Wurdt it net ris tiid foar in gearwurking? Beide haadredakteuren skowe tongersdei oan yn Fryslân Hjoed: Sander Warmerdam is in jier lyn begûn as de haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en Ria Kraa is in lytse twa moanne yn har nije funksje foar it deiblêd.

Petear oer de takomst fan de Fryske kranten

Sensuer yn de Twadde Wrâldoarloch, besunigingen, de komst fan it ynternet en de delgong fan abonnees: de twa regionale Fryske kranten hawwe in soad meimakke en bliuwe harren feroarjen om mei te tiid mei de kommen. Nettsjinsteande de ferwachtingen fan in pear jier lyn besteane se noch hieltyd en neffens Ria Kraa sil dat ek sa bliuwe. "Ik tink dat minsken harren hechtsje oan de papieren krante. It jout in soarte fan vintage-gefoel en it lêst ek folle better as fan in tablet."

Woartels binne net feroare

Kraa wurket hast 25 jier foar it Friesch Dagblad en hat dêrom de krante al in soad feroarjen sjoen. Op dit stuit hat har krante om de 12.000 abonnees hinne, dat is ien tredde minder as 10 jier lyn. mar der bliuwt altyd in trouwe groep lêzers seit se. "Us woartels binne net feroare, allinnich ús takken wol. Minsken witte altyd wat se oan ús hawwe. Wy hawwe in dúdlik profyl en in dúdlike fyzje. Dêrom tink ik dat der altyd in groep bliuwt dy't de papieren krante lêze wol."

"De papieren krant zal uiteindelijk verdwijnen"

Sander Warmerdam sjocht dêr krekt wat oars nei. "Ik tink dat de papieren krante úteinlik ferdwine sil, mar de funksje fan de krante net. In krante is eins in sammeling fan ferhalen. Dizze behoefte om ferhalen te lêzen sil nea ferdwine, allinnich de wiize wêrop wy lêze, feroaret."

Warmerdam hat 18 jier foar de NOS wurke foardat hy ferline jier by de Ljouwerter krante syn debút makke yn de deiblêdsektor. De lêste jierren bliuwt it tal abonnees fan de Ljouwerter Krante hingjen tusken de 65.000 en 70.000. Dêrom is syn fyzje helder: op in soad ferskate poadia nijs oanbiede.

50 miljoen besiken

"Wy kinne net langer tinke dat de lêzer wol nei ús komt. Wy moatte de lêzer opsykje, op ûnferwachte plakken", seit Warmerdam. "Online meitsje wy dêrom grutte stappen. Sjoch nei de kontenerramp. Us fokus leit net allinnich mear op de deadline fan de krante oan 'e ein fan de dei, mar je wolle de lêzer op it momint sels op 'e hichte bringe op de webside en dêrnei in oersjoch jaan."

"It publyk wit hjirtroch LC.nl hieltyd mear te finen, yn 2018 wurdt de webside rûchwei 50 miljoen kear besocht, in kwart mear as yn 2017.

Wat fynt it publyk?

Omrop Fryslân is mei it wervingsteam fan beide kranten de strjitte op west om te hearren wat it publyk fan de kranten fynt. Foar it Frysk Deiblêd wie it by de Spar yn Waldsein en foar de Ljouwerter Krante by de Coop yn Winsum.

Fideo wervingteams

Nei 25 jier ferslachjouwer einredakteur

Sûnt dit jier docht ek it Friesch Dagblad mei yn de digitale wrâld en hawwe se in webside dêr't artikels op steane. "Dy is noch wol yn ûntwikkeling. Alle dagen pleatse wy in stik as tsien fan ús ferhalen dêrop", fertelt Kraa. Se fynt it wichtich om dêr goed oer nei te tinken hokker ferhalen se wol as net op ynternet pleatse. "Foar de lêzers dy't alle moannen betelje foar in abonnemint is it somtiden wol soer om te sjen dat de krante safolle nijs al fergees op de webside set. Wy besykje dêr goed mei om te gean, mar hoe't wy oan de webside fertsjinje kinne moatte wy noch besjen."

2019: mear bûten de provinsje

Beide kranten sjogge ek yn hokker kânsen dizze feroaringen mei him bringe. "Wy skriuwe in hiel soad moaie ferhalen dy't net allinnich foar Friezen nijsgjirrich binne om te lêzen. Dêrom wolle wy ús yn 2019 mear rjochtsje op ferhalen dy't ek bûten de provinsje lêzen wurde", seit Kraa. Ek de Ljouwerter Krante ûndersiket mooglikheden om harren ferhalen oan de man te bringen. "We bin no dwaande mei podcasts en sykje hieltyd mear poadia dy't by ús passe", seit Warmerdam. "Dy moatte oerien komme mei hoe't wy ferhalen fertelle."

"Fideo's op Facebook en Instagram-stories hearre dêr dan by en we sjogge hoe't it wurket. Bygelyks it ferhaal fan Aggie fan 91 jier fan Boalsert. Se kin net mear allinnich op in paad en no kinne minsken har triuwe yn de rolstoel. De fideo waard in heal miljoen kear besjoen op Facebook en oernommen troch oare media."

Oft op dizze wize wurkjen net te folle ôfwykt fan de âlderwetske krante antwurdet Warmerdam hiel rap: "Silst wol moatte. Kinst net oars as oare wiizen te sykjen wêrop wy ferhalen by it publyk bringe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)