Opfiske guod út konteners wurdt net ferwurke troch REC Harns

24 jan 2019 - 12:15

It guod út de konteners út de Waadsee sil net ferwurke wurde troch de ôffaloven REC yn Harns. Neffens wurdfierder Jelmer Helmhout hat dêroer wol in earste petear west mei bergingsmaatskippij BDS yn Harns, mar hat dit net ta konkrete risseltaten laat.

De REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Direkteur André Borsch fan BDS, dat it guod selektearret en oan de ôffalferwurkers oanbiedt, sei tongersdeitemoarn by Omrop Fryslân dat de opdracht oan de REC foarby gien wie, omdat dy eins hielendal gjin ynteresse hie.

Dat is neffens Helmhout net wier. "Vanwege de onzekerheid van aanbod en hoeveelheden konden we op dat moment geen passende offerte leveren", sa seit Helmhout. "Maar wij zijn beschikbaar voor nieuwe onderhandelingen."

Wiet ôffal

BDS sil dêr foarearst net op yngean. Neffens wurdfierder Harm Dykstra wie REC net ynteressearre omdat it oanbeane ôffal wiet is en dêrtroch dreech ferwurke wurde kin yn Harns. "It guod komt út it wetter en is dus wiet, en dat bliuwt sa."

Boppedat hat de REC witte litten dat se fan 25 febrewaris ôf fanwege refyzje tsien wike sletten binne. "En sa lang kinne wy net wachtsje", sa seit Dijkstra.

BDS hat no in kontrakt sletten mei in oar bedriuw yn Harns, dat it guod ferwurkje lit yn Alkmaar, Wijster en Delfzijl.

Trefwurden: 
BDS REC kontenerramp
(advertinsje)
(advertinsje)