Provinsje leit GroenLeven twangsom op foar oanlis sinnepark yn natuergebiet

24 jan 2019 - 11:52

De provinsje hat it Feanster bedriuw GroenLeven in twangsom oplein fan 20.000 euro deis, om't it bedriuw begûn is mei de oanlis fan in driuwend sinnepark by Easterwâlde, sûnder dat sy derfoar in fergunning hawwe. De twangsom kin oprinne oant 500.000 euro.

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

Net allinnich hat it bedriuw gjin fergunning, kontroleurs fan de provinsje konstatearren meardere kearen dat GroenLeven him by de oanlis fan it park, yn de sânwinput fan Oenema, net oan de regels hold. Sa waard der jûns wurke mei behelp fan boulampen, wylst dat net tastien is, om't dat ljocht beskerme fûgels fuortjaget.

Natuerbeskermingswet

It bedriuw is der troch de provinsje meardere kearen op oansprutsen, mar gie dochs fierder mei it wurk. Dêrom koe de provinsje net oars as in twangsom oplizze. "It giet om wetter dat falt ûnder de Natuerbeskermingswet, dêr moatte wy skerp op wêze. Wy kinne net tastean dat de natuer op dizze wize fersteurd wurdt", seit in wurdfierder fan de provinsje. Dy is op it stuit yn oerlis mei it bedriuw oer de hichte fan de twangsom.

GroenLeven hat op har webside de folgjende ferklearring jûn.

"Onze missie is om de wereld beter te maken. GroenLeven werkt met veel respect voor de natuur. Wij willen het goede doen. Duurzaam werken betreft niet alleen de ontwikkeling van groene energie dat essentieel is voor het behoud van flora en fauna, maar ook oog en respect hebben voor de natuur en de omgeving. Om ervoor te zorgen dat deze pilot op alle aspecten, dus ook met het oog op ganzen en vogels, succesvol is, monitoren wij het zonnepark en de omgeving van het zonnepark continu. Met 24/7 cameratoezicht en door vogeltellingen uit te voeren houden we de vogelpopulatie nauwlettend in te gaten. We zien dat vogels en ganzen ook met een drijvend zonnepark de plas goed weten te vinden."

Op it oplizzen fan de twangsom troch de provinsje giet it bedriuw net yn.

(advertinsje)
(advertinsje)