Feimasine sakket troch it iis yn Earnewâld

24 jan 2019 - 11:40

Frijwilligers binne by Earnewâld tongersdeitemoarn drok dwaande om it iis sniefrij te meitsjen. Se moatte lykwols alles mei de hân dwaan, want de feimasine is troch it iis sakke. Dat barde op it iis op de Jan Durkspolder. De iisbaan wie noch mar krekt iepen.

IIsmasine sakket troch it iis yn Earnewâld

Neffens Age Veldboom fan de iisklup binne der gelokkich genôch frijwilligers om in moaie baan út te setten. "It is hjir prachtich waar en it is ek al aardich drok." De masine sil letter út it wetter helle wurde, it iis deromhinne is no noch te tin. "De hânfetten komme noch boppe it wetter út, dus we kinne him maklik werom fine" seit Veldboom.

Dochs reedride der noch hieltyd tsientallen minsken oer de polder. It iis sjongt en kreaket, mar liket it gewicht fan de minsken fierder goed te hâlden.

Trefwurden: 
Earnewâld feimasine
(Advertinsje)
(Advertinsje)