Eksoatyske hipper makket wrâldreis en bedarret op De Gordyk

24 jan 2019 - 11:23

In eksoatyske ferrassing op De Gordyk dizze wike. By it útpakken fan in pakketsje út Sina fûnen meiwurkers fan Poortman Techniek in grutte hipper. In meiwurker hie de sprinkhoanne yn earste ynstânsje bûten loslitten, mar eigener Harm Poortman krige letter dochs syn twivels en liet it bist wer nei binnen ta helje.

"Ik begûn der oer nei te tinken en tocht: wat in prachtich moai bist. Ik appte wer nei de saak dat se 'm yn in bakje dwaan moasten en dat ik it graach thús hawwe woe", fertelt Poortman.

Troch de kjeld siet it bist bûten noch altyd op itselde plak. In meiwurker naam it wer mei nei binnen, wêrnei't Poortman in ûndersykje ynstelde nei wat foar hipper it no eins is.

Op Facebooksiden foar ynsekteleafhawwers frege hy oft ien wist wat it wie, mar dêr fûn er gjin antwurd. Gelokkich wurdt ien fan de romten boppe Poortman Techniek hierd troch Peter de Boer, biolooch by it bedriuw FaunaX. Hy koe Poortman fertelle dat it om in Egyptyske trekhipper giet.

De Egyptyske hipper - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

No is de fraach wat der mei it bistje dien wurde moat. De hipper mei moaier waar bûten loslitte, kin eins net, om't er normaal sprutsen net yn ús natoer foarkomt. It bist deameitsje, kin Poortman net oer syn hert krije.

"Alle bisten hawwe it rjocht om te libjen. Earder tocht ik dêr miskien wat makliker oer, mar Peter de Boer hat my oars tinke litten oer alles dat libbet. We hâlde him no moai binnen en fersoargje him goed, oant we witte wat we dermei dwaan sille."

En sa hat Poortman ynienen miskien wol it meast eksoatyske húsbist fan Nederlân.

Harm Poortman en syn eksoatyske hipper - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie by de hipper del

Trefwurden: 
De Gordyk sprinkhoanne hipper
(advertinsje)
(advertinsje)