Taksy Schuil út Menaam fallyt
It taksybedriuw Schuil út Menaam is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It fallisemint wie troch de direksje sels oanfrege.
It bedriuw koe de salarissen fan de acht meiwurkers net langer betelje. Taksybedriuw Schuil, dat lytsskalich en groepsferfier troch hiel Nederlân fersoarge, mar ek sikeferfier, liket it nijste slachtoffer fan de hurde konkurrinsjestriid yn de taksybrâns. Bedriuwen skriuwe ûnder de priis yn by oanbestegings en komme dêrtroch letter yn de problemen.
Yn it gefal fan Schuil wurdt tocht om it bedriuw foar in trochstart te ferkeapjen.