Fryslân: 200 miljoen foar Fryske ekonomy

09 nov 2011 - 10:19
Foto: Omrop Fryslân

Der komt goed 200 miljoen euro oerheidsjild frij foar projekten dy't de Fryske ekonomy fersterkje. It jild is ûnderbrocht yn it Regionaal Ekonoamysk Programma, it REP. Fryslân wit al sûnt 2008 dat it jild beskikber komt, as kompinsaasje foar it misrinnen fan de Suderseeline.

It kolleezje fan deputearre steaten hat de kriteria fêstlein dêr't projekten oan foldwaan moatte. Belangrykste is dat it wurkgelegenheid yn de provinsje opsmite moat. De provinsje fynt projekten as Thialf, University Campus Fryslân en it Fryske Marreplan kânsryk foar it jild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)