SC Cambuur makket wer winst

© Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat oer it boekjier 2010-2011 in winst helle fan 184.000. In jier earder wie der noch sprake fan in ferlies fan oardel miljoen euro. De winst komt foar in grut part út in bedrach út it spilersfûns.
De sifers binne troch de akkountant neisjoen en ynlevere by de KNVB. De klup ferwachtet dat de sifers foar it rinnende jier ek posityf wêze sille.