N357 by Koarnjum ôfsletten troch ûngelok

24 jan 2019 - 08:47

Op de N357 by Koarnjum binne tongersdeitemoarn in Arriva-bus en in buske op elkoar botst. It wie net dúdlik oft der passazjiers yn de bus sieten. De dyk wie tongersdeitemoarn ôfsletten. Dêrtroch wie in file fan Stiens ôf.

N357 by Koarnjum ôfsletten troch ûngelok

De Arriva-bus rekke troch de botsing fan de dyk en bedarre yn de strûken yn de berm. De skea soe grut wêze.

In berger hat it buske fuortsleept. De grutte bus moast troch in oare berger ôffierd wurde.

Trefwurden: 
ûngelok Koarnjum N357
(Advertinsje)
(Advertinsje)