Skoalle Ulbe van Houten yn Sint-Anne organisearret in bysûndere iepen dei

24 jan 2019 - 07:42

Foar bern út groep 8 en harren âlden is it hast wer tiid om in middelbere skoalle te kiezen. Dus: fan iepen dei nei iepen dei en sjen wat it bêste by de bern past. Foar middelbere skoallen de taak om dizze bern oan te lûken. Skoalle Ulbe van Houten yn Sint-Anne docht dat al jierren mei sukses, want de bern komme oeral wei.

Foto: Street View

De iepen dei yn Sint-Anne is dit jier lykwols wat oars as oars. As de bern mei harren âlden oankomme, wurde se elk in oare kant opstjoerd. De heiten en memmen sitte yn in oare romte as de bern. "De bern binne earne oars yn de skoalle mei it programma dwaande. It is in doch-jûn foar âlden én foar bern. As se de dei dernei by it moarnsiten sitte, kinne se it der ris oer hawwe hoe leuk oft it hjir wie", fertelt Eelco Bruinsma, direkteur fan de skoalle.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie yn Sint-Anne

In soad âlden stjoere harren bern graach nei it Ulbe van Houten, omdat it in goede en bysûndere skoalle wêze soe. De skoalle docht it goed, wylst dy wol yn in krimpregio leit. "Yn it fuortset ûnderwiis helje we eltsenien troch deselde mûne. Eltsenien krijt itselde programma. Mar bern ferskille. Net eltsenien hat itselde programma nedich. By ús is it maatwurk", seit Bruinsma.

(advertinsje)