Kollum: "Ronnie Flex"

24 jan 2019 - 07:24

"Ronnie Flex hat de Popprijs fan Eurosonic/Noorderslag wûn, it jierlikse Nederlânske popmuzykfestival yn Grins. Neffens de sjuery is Ronnie Flex in unike stim yn 'e Nederlânske hiphop, en hat hy it sjenre foarútholpen. En 'tekstueel staat Ronnie Flex op eenzame hoogte', sa skriuwe se. Op sosjale media kamen dêrnei screenshots fan teksten fan Ronnie Flex te stean en waard sawol de sjuery, hiphop, Noorderslag as Ronnie sels bespotlik makke.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Nico Dijkshoorn Twittere: 'Daar kunnen Bob Dylan en Jeff Tweedy inderdaad een voorbeeld aan nemen:
'Kom we worden rijk want, morgen is niet beloofd
Ik heb zo veel stress, zo veel dingen aan m'n hoofd
Bitch het is Lil' Flex, yeah you know, yeah you know
Als ik het heb gezegd dan was het zo, was het zo'
'

Ronnie Flex reagearre mei in tweet wêryn't hy sei dat hy kollumnisten dochs ek net útleit hoe't se in kollum skriuwe moatte. Of no ja, hy skreau dit:
'Alsof ik columnisten ga uitleggen hoe ze een column moeten schrijven want het moet op persee op mijn manier want ik weet hoe dat moet.. ik weet niks van dat als ik ergens niks van weet heb ik er ook geen kritiek of mening over, makes u look stupid az hell'

Ja, der stiene net sa'n soad lêstekens yn. Mar hee, hokker popmuzikant hat tiid foar lêstekens. Ik fyn it ek net hielendal earlik fan Dijkshoorn en de oare kritisy, want Bob Dylan mei dan de Nobelpriis foar de literatuer wûn ha - al hat er him nea echt ophelle - ek út syn teksten kinne we wat sitearje .

Well, my pa he died and left me, my brother got killed in the war
My sister, she ran off and got married
Never was heard of any more

Tsja. Mar goed. Ik ha Ronnie Flex syn lêste album NORI fan ferline jier even opsetten. Ik wol earst even sizze dat ik alles prima fyn as it oer muzyk giet, salang't it wat freonlik bliuwt. Hoe mear minsken mei muzyk dwaande binne hoe better, meitsje of harkje, en yn hokker foarm dat makket my wier net út. Gewoan dwaan.

Mar dat betsjut noch net dat ik der sels nochal wat fan fine kin. NORI harkje foel foar my net ta. Ik fyn de beats saai, de produksje flak, de melodyen net sa spannend. Ik hear in soad autotune, elektroanika en drumkompjûters. Dat sprekt my net oan, mar ik fyn it ek net hiel spannend. Dus as hy dit sjenre foarútholpen hat, dan bin ik net hiel nijsgjirrich nei de rest.

Ik fyn it allinnich al flau om Ronnie Flex ôf te rekkenjen op de literêre wearde fan in pear regels fan syn teksten. Hy is in popmuzikant, en hoewol't der fantastyske pop bestiet, mei somtiden ek hiel weardefolle teksten, is dat net wêr't it by pop om giet.

Hjir in sitaat:

I love you more than he
Take you anywhere
But I love you endlessly
Loving we will share

In tekst fan Michael Jackson, songen tegearre mei Paul McCartney, dy't de popmuzyk sa'n bytsje útfûn hat, op it alderbêst ferkochte album ea yn 'e skiednis, Thriller. Dat album is in samling fan wat úteinlik allegearre hitsingles waarden, sûnder ûnderlinge gearhing. It giet nearne oer, mar is in monumint fan de popmuzyk. Tekstueel net op iensume hichte, mar dêr giet it net om.

Maarten Toonder sei ea as Zomergast eat weardefols oer saneamde hege en lege keunst: "Het is niet slecht. Het appelleert aan iets dat u geen barst interesseert."

It is in bytsje stom dat de sjuery fan Noorderslag dat sintsje derby setten hat, oer de tekstuele kwaliteiten fan Ronnie Flex. Want dizze jonge wurdt dêr no op ôfrekkene, wat net hielendal earlik is. Ronnie moat foaral meitsje wat hy wol. En dat docht hy gelokkich ek. En ik hoech der net nei te harkjen as ik dêr gjin sin yn ha."

(Advertinsje)
(Advertinsje)