Net in soad nijbou yn Fryslân; Flevolân groeit it rapst

24 jan 2019 - 06:55

Yn 2018 binne yn Nederlân de measte nijbouwenten oplevere sûnt 2009. Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. It giet om hast 66.000 nije wenten, in groei fan hast 5 persint yn ferliking mei 2017. Yn Fryslân kaam der lykwols, yn ferliking mei it lanlik gemiddelde, net sa'n soad nijbou by.

Foto: Omrop Fryslân

De wenningfoarried troch nijbou naam tusken 2000 en 2009 jierliks ta mei goed 1 persint, gemiddeld sa'n 76.000 huzen it jier. Dêrnei sakke it oantal nijbouwenten yn, mei as djiptepunt 2014. Doe groeide it oantal nijbouhuzen mei 0,6 persint oant 45.000.

Yn totaal telde Nederlân op 1 jannewaris 2019 goed 7,8 miljoen huzen, hast 74.000 mear as in jier earder.

Flevolân

It oantal huzen groeide it hurdst yn Flevolân, mei 1,5 persint. Yn Fryslân, Drinte en Limboarch kaam der lykwols net in soad nijbou by. De measte nijbouwenten binne foarich jier oplevere yn Amsterdam (7.263).

Trefwurden: 
CBS nijbou
(advertinsje)
(advertinsje)