UPDATE: Brân master yn Bakkefean, skuorre giet ferlern

By in brân oan de Weverswâl yn Bakkefean is tongersdeitemoarn in skuorre folslein ferlern gien. Der is by de brân gjinien ferwûne rekke. Om't it gie om in útslaande brân, skaalde de brânwacht op nei middelbrân. De korpsen fan Oerterp en Haulerwyk rieden út om it fjoer te bestriden. Yntusken is it sein 'brân master' jûn.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech, mar hat noch wol in skoftke dwaande west mei neidwêsten. Salvage wurdt ynskeakele om de eigener te helpen by it ôfhanneljen fan de skea. De oarsaak fan de brân is net bekend.