"Sluting REC kostet mear as hûndert miljoen euro"

Mocht der om wat foar reden dan ek opdracht jûn wurde foar sluting fan de ôffaloven yn Harns, dan hat dit grutte finansjele gefolgen foar de Fryske gemeenten. Dit is ien fan de foarriedige útkomsten fan it ûnôfhinklike ûndersyk nei in sluting fan de REC.
"Sluting REC kostet mear as hûndert miljoen euro"
De gemeente Harns hat it buro Ecorys frege om ûndersyk te dwaan nei de finansjele, ekonomyske, de juridyske en de organisatoaryske aspekten fan in eventuele sluting fan de ôffaloven yn Harns. It buro prate de gemeenteried woansdeitejûn by oer it ferrin fan it ûndersyk.

Hûndert miljoen euro

Offalferwurker Omrin hat foar de de bou fan de ôffaloven flink wat jild liend, en dat is noch net allegearre werom fertsjinne. Dit jild moatte de Fryske gemeenten, de oandielhâlders fan Omrin, werom betelje as de REC slút. Neffens ûndersiker Viek Verdult fan Ecorys giet it om mear as hûndert miljoen euro. "We rekenen 10 á 15 keer de jaarwinst die naar schatting tussen de 7 en 17 miljoen euro ligt." Dan komst út op in bedrach tusken de 70 en 255 miljoen euro. "Het onderzoek is nog niet af, maar als dit wel het geval is kunnen we een preciezere schatting maken."
"Maar dat is niet het enige. Het afval moet elders worden verbrand en dat valt een stuk duurder uit. Het verbranden van afval in Harlingen is goedkoper dan in de rest van het land en je hebt hogere transportkosten." De ôffalstoffeheffing soe wolris mei fyftjin persint omheech gean kinne, sa ferwachtet hy.
De yngong fan de REC © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Undersiker Viek Verdult
De REC leveret in soad griene enerzjy. Dat soe by in sluting fuortfalle en soe foaral in flinke domper foar de provinsje Fryslân wêze. De provinsje moat bepaalde CO2-doelstellingen helje, en dizze griene enerzjy leveret dêr foar in grut part oan by. Ek sâltfabryk Frisia rekket dupearre. Se krije de waarmte fan de REC. As dat fuortfalt, hawwe se jierliks 70 miljoen kúb ierdgas nedich.
De gemeente Harns hat juridysk sjoen hielendal neat te sizzen oer de REC. Ek de oare Fryske gemeenten, de oandielhâlders fan Omrin, net, sa lit ûndersiker Verdult witte. It is de direksje fan Omrin dy't offisjeel beslute mei om de REC te sluten. Wol moat de direksje hjirfoar grien ljocht krije fan de oandielhâlders. En der moat fansels in hiele goede reden wêze om sa'n drastysk beslút te nimmen, want oars kin de rjochter dat beslút sa werom draaie.

Definitive ûndersyk

It ûndersyk is noch net hielendal klear. Verdult sil noch ûndersyk dwaan nei de emisjes fan de REC. Hy wol se fergelykje mei dy fan de oare ôffalovens yn ús lân. Ek wurde der noch boargers yn de gemeente Harns befrege oer hoe't sy tsjin de REC oansjogge en in eventuele sluting. It definitive ûndersyk wurdt ein maart oan de gemeenteried fan Harns presintearre.