Garnalefiskers helje netten fol boartersguod op út Noardsee: "Dit is onwerkbaar"

23 jan 2019 - 22:30

Garnalefiskers op de Noardsee helje netten fol boartersguod, krukjes en oar ôffal op út de Noardsee. Fiskers binne benaud foar in situaasje dêr't net mear yn te wurkjen is, om't it bergjen fan de begjin jannewaris oerboard sleine konteners noch moannen duorret. Fiskers mije gebieten as it Bornrif tusken It Amelân en Skylge al folslein, om't de netten betiizje troch de rommel yn de see.

Foto: John Lukkien

Boartersguod-BMW's, jassen en sliepsekken. It bedarret allegear yn de netten fan de fiskers. Neffens garnalefisker John Lukkien út Zoutkamp, Grinslân is de situaasje net te dwaan. "Op sommige plekken kun je gewoon niet meer vissen en dan zijn dit nog redelijk rustige omstandigheden. Als je met hogere golfhoogtes te maken krijgt, kun je de netten niet eens schoonmaken."

Om't 60 konteners noch hieltyd net lokalisearre binne, meitsje de fiskers harren grutte soargen. De measte garnalefiskers binne pas foar de twadde kear dit jier útfearn en ha no al grutte skea. "Een collega heeft een visnet van 3500 euro kapot getrokken, dat is vast blijven zitten en niet meer boven gekomen", fertelt Lukkien.

Ek garnalefisker Michiel Vrieze hie syn netten fol mei boartersguod. Dat barde benammen yn de buert fan It Amelân. "Op sommige plaatsen is het niet werkbaar, nee. Bovendien is het gevaarlijk. Het is te hopen dat we alles snel goed in kaart brengen, maar ik denk dat we van al die rotzooi zeker nog het hele jaar last gaan krijgen."

Sarah Verroen fan kotterorganisaasje VisNed hat nau kontakt mei alle fiskers op de Noardsee. "Het is een enorm veiligheidsrisico, zodra je op een verkeerde stroom zit, heb je binnen drie kwartier je netten vol met rommel. We zijn echt bang dat we dit jaar een recordhoeveelheid rommel uit de zee gaan halen."

(advertinsje)
(advertinsje)