Temajûn oer hiphop-sêne iepene nij seizoen IepenUP

23 jan 2019 - 22:30

Wylst kertiermakkers en oare saakkundigen noch drok oerlizze hokker projekten fan LF2018 úteinlik foar in trochstart yn 2019 yn oanmerking komme, is de earste 'Legacy' sûnt woansdeitejûn in feit. IepenUP-live sette in nij seizoen fan de wyklikse talkshow út Neushoorn yn Ljouwert wei útein mei in temajûn oer de hiphop-sêne yn Fryslân.

Mei in grut ferskaat oan rappers, dûnsers en graffity-keunstners ûntwikkelet hiphop him yn rap tempo ta in ynter-kulturele mienskip binnen de Fryske muzykwrâld. Benammen jongeren dy't gjin nocht hawwe oan in oplieding of stúdzje, krije troch dizze muzyk wer in doel yn har libben en boppedat maatskiplike status.

Regionaal talint

Op it poadium fan IepenUp live namen pommeranten en opkommend talint út de Fryske hiphop it tsjin inoar op yn de kontest Spit 2019. Njonken de ynternasjonale dielname mei A.D.K en produsint Ceezy U.R. hie de sjuery benammen positive wurden foar it regionale talint út ús eigen provinsje. It duo SAN XYZ út Drachten, Yung Jamin en Louis Pedro út Ljouwert lieten sjen dat de hip hop út Fryslân yndie serieus nommen wurde mei.

Neffens de sjuery wie der dochs ien rapper dy't mei syn beats en teksten krekt boppe alle oaren útkaam: Jung Quinny, dy't op it poadium fokale stipe krige fan Triple G. De jonge rapper is krekt achttjin jier wurden en wol dêrom tenei inkeld noch as Quinny troch de hiphop-mienskip gean

De earste priis, foar 1000 euro oan beats en studio-opnametiid by Oyo Sounds, kin Quinny goed brûke. Want Fryslân hat neffens de muzikanten no noch te min produsinten dy't yngong en ferbining hawwe mei de grutte studio's yn it westen fan it lân, wêrtroch't hast gjin kâns is op in lanlike trochbraak . Faaks kin dizze priis Quinny helpe om wol in plak op de lanlike kaart te krijen.

Oare wike

Nije wike is IepenUp live werom mei as gast oarspronklik Belgyske keunstner Eric van Hove út Algerije, fan wa't fan 2 febrewaris ôf in grutte tentoanstelling te besjen is yn it Fries Museum. Van Hove makket mei materiaal út de hiele wrâld wei ambachtlike reproduksjes fan motorblokken.

IepenUP live wurdt alle woansdeis tusken 20.00 en 21.30 oere live troch Omrop Fryslân op ynternet útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei.

Trefwurden: 
IepenUP rap
(advertinsje)
(advertinsje)