Ried Ljouwert jout grien ljocht foar nije Cambuurstadion

23 jan 2019 - 22:14

SC Cambuur kriget in nij stadion by it WTC-Expo yn Ljouwert. De gemeenteried stimde woansdeitejûn unanym yn mei de ûntwikkeling fan it gebiet en de bou fan it nije stadion. Der binne wol betingsten: der moat goed sjoen wurde nei de mooglike ferkears-, lûds- en ljochtoerlêst. Dat moat safolle mooglik beheind wurde.

Mei it beslút komt in ein oan in lang proses. It ôfrûne jier is der troch ûndúdlikens en flaters in soad tiid ferlern gien. Sa drige skoallemienskip Friese Poort ûnder oare út it projekt te stappen. Alle ploaien waarden rjochtsetten en begjin desimber stimde it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn mei it plan foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet en de bou fan it nije Cambuurstadion.

Stipe, mar betingsten

De riedsleden woene dêr net al te lang by stilstean. Sy makken yn grutte mearderheid dúdlik dat se it plan stypje. Mar, dat der al goed rekken hâlden wurde moat mei de binnenstêd en winkelsintrum De Centrale. De nije winkels yn it WTC-gebiet moatte foldwaan oan de betingsten dy't earder al fêstlein binne. Yn dat gebiet giet it dan spesifyk om sport en frije tiid. Benammen winkeleigeners yn de binnenstêd binne benaud foar mear leechstân. Yn tal fan brieven oan de gemeenteried sprekke se dêr har soargen oer út.

De mearderheid fan de ried stimt ek yn mei de ferpleatsing fan supermerk Aldi fan it Cambuurplein nei winkelsintrum De Centrale. Dêr moat wol in goed plan foar komme en ek is der romte foar ynspraak. Oant no ta wie it pleatsen fan in supermerk by De Centrale net mooglik. Julie Bruijnincx fan D66 fynt dat lykwols net mear hâldber, no't der by it WTC twa grutte supermerken komme. Wethâlder Friso Douwstra is posityf oer in mooglike ferhuzing.

Beswieren

Undernimmers út de wyk Cammingabuorren en ek it wykpanel dêr hawwe beswieren. Se binne benaud foar ekstra ferkearsoerlêst op de kanaaldyk en fine ek dat der yn dy hoeke fan de stêd no tefolle supermerken binne.

Cambuur-direkteuren Ard de Graaf en Gerald van den Belt wiene der ek - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

No't de gemeenteried ynstimd hat, leit de bal by de provinsje. Dy is frege om in bydrage fan in lytse fiif miljoen euro foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. De ferwachting is dat it kolleezje fan deputearre steaten tiisdei in beslút nimt oer de bydrage. It liket derop dat in mearderheid fan de steaten noch foar de ferkiezings fan 22 maart in beslút nimme wol oer de miljoenen foar de ûntwikkeling fan it gebiet.

Foar de Ljouwerter PvdA-wethâlder Henk Deinum wie it syn lêste optreden yn de gemeenteried. Hy kundige ferline jier syn ôfskied oan, mar woe dan wol it Cambuur-dossier noch troch de gemeenteried krije. Deinum wie fan it begjin ôf belutsen by de beslútfoarming. Hein de Haan is syn opfolger.

(advertinsje)