Rutger Etten ferlit Cambuur foar klup yn twadde difyzje

Rutger Etten giet fuort by Sportklup Cambuur. Op syn eigen Facebookside skriuwt Etten dat er nei HHC Hardenberg giet. Dy klup spilet yn de twadde difyzje, ien nivo leger as Cambuur.
Rutger Etten yn in oefenwedstriid © www.orange-pictures.nl
De 21-jierrige middenfjilder siet 2,5 jier by de A-seleksje en makke yn desimber 2018 syn debút yn de bekerwedstriid tsijn Fortuna Sittard.
Etten kaam yn 2009 yn de jeugdoplieding fan FC Grins. Dêrfoar spile er by ACV út Assen. Doe't er yn 2016 fuort moast by Grins, makke Etten de oerstap nei Cambuur.