Waadhoeke betreuret opstappen 'regio-oanjager' toerisme

23 jan 2019 - 21:52

De gemeente Waadhoeke fynt it spitich dat Douwe Gerlof Heeringa syn wurk as 'regio-oanjager' fan de stichting Bestimming Noardwest dellein hat. Hy wie sûnt 2015 aktyf, mar hold der begjin dit jier mei op. Dat komt nei't de gemeente Ljouwert oanjûn hat minder sinten yn de stichting te stekken.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

De gemeenten Harns, Waadhoeke en Ljouwert soargje foar in grut part foar de finansiering fan de stichting, wêryn't toeristyske organisaasjes út Noardwest-Fryslân gearwurkje oan de promoasje en marketing.

Minder subsydzje

De gemeente Ljouwert wol al har marketing ûnderbringe binnen de Ljouwerter marketing en Merk Fryslân. Se geane wol troch mei de stichting, mar jouwe yn 2019 de helte minder subsydzje en fan 2020 ôf hielendal net mear. Dêrop hawwe de gemeenten Harns en Waadhoeke ôfpraat dat se wol beteljen bliuwe, mar se bouwe de bydrage wol ôf. De ûndernimmers, dy't by de toeristyske organisaasjes hearre, soene dan sels mear finansierje moatte.

Fan dy en oare betingsten baalt de stichting Bestimming Noardwest. Ek it feit dat dy pas let yn 2018 meidield waarden, siet de stichting net goed. De FNP yn Waadhoeke hat dêr fragen oer steld yn de ried. De gemeente seit yn in reaksje dat se har foarstelle kinne dat de opstapte Heeringa frustrearre rekke is "troch mar trochgeande ûndúdlikens út de oerheden wei".

De gemeente seit wol dat wethâlder Caroline de Pee en Heeringa yn desimber 2018 oerlis hân ha, wêrnei't De Pee sein hat dat se har hurd meitsje soe foar oanpassing fan de betingsten. It kolleezje betreuret dat Heeringa de reaksje net ôfwachte hat en opstapt is.

Spitich

Waadhoeke fynt it ek spitich dat troch de hâlding fan de gemeente Ljouwert lytsere ûndernimmers yn dy gemeente net mear oansletten binne op it wurk fan Bestimming Noardwest.

De gemeente Waadhoeke wol wol troch mei de marketing yn de regio Noardwest-Fryslân. Hoe't dat krekt moat no't Ljouwert gjin sinten mear jout, moat noch besjoen wurde. Op 28 jannewaris sil De Pee wer mei de stichting om tafel om oer de takomst fan marketing yn de regio te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)