'Frysk' dressuerhynder Totilas wer efkes werom

23 jan 2019 - 21:18

Totilas komt wer efkes werom. It dressuerhynder, dat yn Broeksterwâld berne en grutbrocht is troch Jan en Anna Schuil, docht op 1 febrewaris mei oan de show 'Black Magic' yn Den Bosch.

Totilas mei Edward Gal yn 2010 - Foto: ANP

Mei dressuerruter Edward Gal pakte Totilas de grutste prizen. Hy waard Europeesk kampioen, wrâldkampioen, winner fan de wrâldbekerfinale en wûn ferskate Grand Prix' mei skoares fan boppe de njoggentich persint.

Yn 2010 waard Totilas foar goed tsien miljoen euro ferkocht oan in Dútske eigener. Oant 2015 wie it Matthias Alexander Rath dy't noch goede sportive prestaasjes mei Totilas behelle. Dêrnei gie Totilas mei pensjoen. De swarte hynst is yntusken njoggentjin jier âld en stald op Gestüt Schafhof, yn de buert fan Frankfurt.

Mei neikommelingen

Ein jannewaris oant begjin febrewaris is yn de Brabanthallen de jierlikse Stallion Show. Dêr die Totilas yn 2010 foar it lêst oan mei. Doe waard Totilas ek huldige as Hynder fan it Jier. Dit jier giet de show oer Totilas en syn neikommelingen.

(advertinsje)
(advertinsje)