Earste konteners yn Harns om ferwurke te wurden

It bergingsskip Atlantic Tonjer is woansdeitejûn oankommen yn de haven fan Harns mei de earste konteners, dy't nei de kontenerramp noch yn de Waadsee leine. Dy konteners wurde oan wâl brocht en it guod wurdt fan tongersdeitemoarn ôf ferwurke troch de 'maritime tsjinstferliener' BDS.
Earste konteners yn Harns
Oan board by de Atlantic Tonger is benammen skroat. André Borsch, direkteur fan BDS, seit dat der letter noch mear konteners nei Harns brocht wurde.
BDS sil it guod sortearje yn stiel, hout en plestik. Nei't BDS alles sortearre hat, wurdt it nei in ôffalferwurker ta brocht.
Atlantic Tonjer © Remco de Vries
De Atlantic Tonjer is tegearre mei it skip Geosund dwaande om sa'n 240 út see wei te heljen. De Atlantic Tonjer wurket yn de Eemsgeul by Grinslân, de Geosond yn de fargeul boppe Skylge.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.