Film Redbad makket kâns op Amerikaanske priis
De film Redbad, fan produsint Klaas de Jong, makket kâns op in Amerikaanske Golden Reel Award. Redbad is nominearre yn de kategory fan bêste bûtenlânske spylfilm, benammen wat de montaazje oanbelanget.
De Golden Reel Awards wurde organisearre troch it Amerikaanske fakbûn foar editors. De útrikking fan de prizen fynt plak op 17 febrewaris.
Lege besikersoantallen
Oer de film Redbad kamen nei de premjêre wikseljende reaksjes. Benammen de lege besikersoantallen yn de bioskopen wiene teloarstellend. Earder wie skriuwer Willem Schoorstra al kritysk oer de Redbad-film, fanwegen it ôfwiken fan de histoaryske feiten.