Fotograaf Jilmer Postma: "It is dan hoopje dat alles byinoar komt"

23 jan 2019 - 20:14

"Ik bin der enoarm bliid mei. Der dogge safolle fotografen mei, dan is it prachtich om by de bêste trije te stean." Dat seit fotograaf Jilmer Postma fan Drachten. Hy hat in tredde priis wûn yn de striid om de Zilveren Camera. Dat is de wichtichste Nederlânske priis foar nijsfotografen. Postma wûn de priis mei in drone-foto fan skiep dy't oer in brêge rinne, yn de kategory 'Kunst Cultuur en Entertainment'.

Foto: ANP

"Ik haw de foto yn Drachten makke", fertelt Postma. "Doe't ik se fotografearre, kamen se krekt út Beetstersweach en rûnen se nei Drachten ta. Earst soe ik se al op in oare brêge fotografearje, mar dat rêde ik net op kwa tiid. Doe bin ik der efteroan riden. Ik hope dat se troch in parkje giene, en haw doe myn drone de loft yn litten."

Fotograaf Jilmer Postma yn Weistra op wei

Op dat momint hie de fotograaf noch net troch dat syn foto in tredde priis opsmite soe by de ferkiezing om de Zilveren Camera. "It is op sa'n momint hoopje dat alles byinoar komt. Dat is op sa'n momint net te sjen, mar no wie it ien fan myn bêste foto's fan it jier."

Staking fan fotografen

Oankommende freed wurdt der yn it hiele lân staakt troch ferskate nijsfotografen. Sy meitsje dan in fûst nei mediaorganisaasjes, ûnder mear fanwegen de lege tariven dy't se krijen foar harren foto's.

Ek Jilmer Postma sil freed stake. "De prizen stean ûnder druk. Wy binne net lilk op ús útjouwers, mar der komt hieltyd minder jild foar fotografen. En dat is net goed. It kostet gewoan jild, wylst minsken tinke dat nijs hieltyd mear fergees is. Dat is it lykwols net. It is hiel wichtich dat der goeie nijsfotografen bliuwe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)