FIDEO: IepenUP rapt

23 jan 2019 - 19:39

IepenUP wie woansdei in poadium fan rap-artysten dy't begjinnend binne, mar ek foar guon dy't al aardich op wei binne. De muzikanten krigen yn ferskate kategoryen de kâns om it publyk hearre te litten wat se koene. Old-school, new-school, trap: alles kaam foarby yn de Noardlike sêne.

Dielnimmers wiene Louis Pedro, Yung Jamin, Quinny, San XYK en A.D.K & Ceezy U.R. De sjuery bestie út Arno Geerdink, Cor Giesing en Roberto Tan. Dêrneist wiene de acts Dj Majestic, KUO & Madoc en Dance Company 058 te gast.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP rap Risin' Up
(Advertinsje)
(Advertinsje)