Hâldt de froast noch oan? Dit tinkt Piet Paulusma derfan

Hoe komt it de kommende dagen mei it waar yn Fryslân? Hâldt de froast oan? Of wurdt it stadichoan wer wat waarmer yn de provinsje. Neffens waarman Piet Paulusma kinne wy dizze wike it folgjende ferwachtsje.
© Kappers Media
"De kommende nacht binne der opklearringen. De temperatueren lizze om de -5, -6 hinne. Mar as it lang opklearret en der leit noch snie, sa as oeral yn de provinsje, kin it útkomme tusken de -10 of -12, -13. It is wynstil, dus der binne ideale omstannichheden foar strange froast."
"Tongersdei wurdt in folle iisdei, mei temperatueren ûnder nul oant -2 graden. De sinne is derby, mar ek bewolking, de matige wyn komt út eastlike rjochting. Dan yn de nacht friest it wer -7, -8."

Freed wurdt ferriederlik

"Freed folget noch in iisdei, mei temperatueren ûnder nul. Letter op de dei komt it ferriederlike, want dan komt rein of izel. Yn de nacht friest it wer -4, -5."
Piet Paulusma
"Sneon rint de temperatuer op nei sa'n 5, 6 graden mei hurde wyn. Nachts is der wer kâns op snie. Ek snein falle der buien, mei snie."