Holwert oan See moast grûnoankeap foar realisaasje projekt oergean litte

23 jan 2019 - 18:25

De inisjatyfgroep Holwert oan See hat koartlyn de mooglikheid om grûn oan te keapjen foar it projekt oergean litten, omdat it nedige jild net beskikber wie. Dat is apart, want it projekt hat al miljoenen tasein krigen troch it Ryk, provinsje en gemeente. Mar in papieren tasizzing is hiel wat oars as frij beskikber jild op de bank en sadwaande gie de grûnoankeap oer.

Foto: Omrop Fryslân

Dizze bysûndere situaasje waard woansdei dúdlik by in diskusje oer de stân-fan-saken mei Holwert oan See yn Provinsjale Steaten. Ferskate partijen yn de Steaten wolle krekt dat der faasje makke wurdt mei de realisaasje fan Holwert oan See en de realisaasje fan nije natuer en dochs kin de inisjatyfgroep oant no ta noch gjin grûn oankeapje om it projekt út te fieren.

"Jild om hannen hawwe"

"Dat is spitich, mar it hat ús wol wekker skodde", fertelt Jan Zijlstra fan de wurkgroep Holwert oan See. "Wy moatte jild om hannen hawwe om saken te dwaan. Oars komme we gjin stap fierder." Grutte risiko's binne der neffens him net, want boulân yn Holwert en omkriten is aardich weardefêst.

De wurkgroep wol grûn hawwe om lân ruilje te kinnen mei boeren op it plak dêr't Holwert oan See realisearre wurdt. "Us útgongspunt dêrby is dat de boeren der net op efterútgean moatte. Dat betsjut grûn fan gelikense kwaliteit en by foarkar net te fier fan it bedriuw." Holwert oan See hat mei-inoar sa' 35 bunder grûn nedich om de earste faze fan it projekt te realisearjen.

Soad stipe foar plan

Yn Provinsjale Steaten wie woansdei in soad stipe foar boargerinisjatyf Holwert oan See. De steaten wolle Holwert oan See mei sa'n tsien miljoen euro stypje. De kosten fan de earste faze berinne mei-inoar ûngefear 60 miljoen euro. Zijlstra fan de wurkgroep hopet dat in part fan it provinsjale jild ek brûkt wurde kin om grûnoankeapen te dwaan. "As der kânsen binne om grûn te keapjen, moatte wy der sa gau mooglik op ynspringe kinne. Sûnder grûn kinne wy Holwert oan See net realisearje."

It projektburo fan Holwert-oan-See oan de Fiskwei - Foto: Omrop Fryslân

Jan Zijlstra fan de wurkgroep Holwert-oan-See

(Advertinsje)
(Advertinsje)