Princessehof siket gearwurking mei nasjonale museum fan Koreä

23 jan 2019 - 18:08

It Ljouwerter keramykmuseum Princessehof siket de gearwurking mei in museum yn Súd-Koreä foar in tentoanstelling mei guod dat fan de seeboaiem ôf komt. Direkteur Kris Callens hat woansdei in gearwurkingkontrakt ûndertekene mei it nasjonale museum fan Koreä.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens direkteur Callens waard der twa jier lyn foar it earst kontakt lein mei Súd-Koreä. "Ons hoofd collecties Jos Taekema heeft een heel goed netwerk in Azië. Hij heeft ons op het pad van het nationale museum van Korea gebracht."

Ek gearwurking mei Singapore

"Het is niet alleen museum in Zuid-Korea trouwens, maar ook een museum in Singapore. Zij brengen in september collecties naar het Princessehof die nog nooit eerder in Europa zijn geweest. We brengen trouwens ook onze collecties, uit Leeuwarden, naar Korea als uitwisseling."

Kris Callens

De ynternasjonale útwikseling komt al rap tichteby, mar der moat noch wol wat barre. "We zijn nu bezig met het opstellen van de contracten en met de financiering. Dit soort projecten hebben extra budget nodig en daarover zijn we momenteel nog in gesprek. Met onze reguliere subsidie kunnen we dit niet organiseren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)