Van der Velde: fan lyts famyljebedriuw nei suksesfolle searje boekhannels

23 jan 2019 - 17:57

It begûn as in lyts famyljebedriuw, mar nei 126 jier ha se njoggen boekwinkels en in miljoene-omset: boekhannel Van der Velde. Mei it oernimmen fan boekhannel Waanders yn Zwolle ôfrûne augustus en it iepenjen fan harren nijste pân yn Harns ferline wike, is it bedriuw ien fan de meast suksesfolle boekhannels fan it lân. De twa mannen oan it stjoer, Rutger van der Velde en Ad Peek, meitsje harren sterk om de ûndergong fan de boekwinkel foar te kommen. Van der Velde: "Us fak is siik en it stjert, dat sjogge wy allegear. Mar dat wolle wy net gebeure litte."

Petear Frysan Hjoed

It famyljebedriuw

Van der Velde bestiet al sûnt 1892. Yn dat jier nimt Rinze van der Velde de boekhannel oer dêr't hy wurke. Yn it pân op de hoeke fan de Nijstêd en Doelesteech ûntstiet in echt famyljebedriuw. Hy wurdt opfolge troch syn soan Adrie van der Velde en syn frou Johanna Maaike.

Dêrnei nimt soan Adriaan van der Velde it fan harren oer. Jierren letter wurdt Adriaan siik en freget er oan syn bern wa't takomst sjocht yn de boekwinkel. Sa nimt yn 1996 Rutger van der Velde it bedriuw fan syn heit oer.

Foto: Omrop Fryslân

In twadde hûs

Foar Rutger wie de winkel doe net ûnbekend. "It hat altyd as myn twadde hûs west. Nei skoaltiid wie ik der altyd te finen. En doe't ik tolve wie, wurke ik der twa dagen yn 'e wike as pakketbesoarger."

Van der Velde fertelt dat by him de famyljetradysje wol ophâldt. "Ik ha gjin bern dy't it fan my oernimme kinne, mar ik wit ek net oft ik dat wol fan har freegje soe. Do moatst it wol oan kinne en it bedriuw is hiel oars as doe't ik deryn stapte." Dat it bedriuw sa bot feroaret, leit him ûnder oare oan de mei-direkteur Ad Peek.

"Samenwerken, dat is denk ik ons geheim", fertelt Ad Peek, dy't al 43 jier yn it bedriuw wurket. "Ik noem ons daarom geen keten, maar een samenwerkingsverband tussen winkels. Wij werken samen met bibliotheken en met alle vestigingen onderling. En dat werkt."

Mar wêr hâldt dit sukses op? Bliuwt de essinsje fan it famyljebedriuw bestean as it hieltyd útwreidet en groeit?

Groei

Van der Velde yn Ljouwert groeide mei Rutger en Ad oan it roer al gau út syn foegen en ferhuze yn 2005 nei in grutte pân oan de oare kant fan de grêft. Opfallend, want wylst yn de rest fan it lân boekwinkels de doaren slute moatte, ferspriedt de keten Van der Velde him út oer it noarden.

Earst Snits, Grins en Drachten. Letter komme dêr ek de fêstigingen fan Polare yn Ljouwert en Grins by. Dêr hâldt it net op. Ek 2018 is in suksesfol jier: earst Dokkum, sûnt augustus Zwolle en ferline wike kaam dêr in fêstiging yn Harns by.

Foto: Omrop Fryslân

It moat te behappen bliuwe

Neffens Peek leit de groei fan de winkels oan in pear dingen dêr't it bedriuw liedend yn is: in soad boeken yn de winkel, minder minsken op it kantoar en mear persoaniel op de wurkflier en miskien noch wol it wichtichste: alle winkels wurde lokaal oanstjoerd.

De ûndernimmers ha allegear sels de frijheid om te dwaan wat se wolle. Dêrom is neffens Van der Velde de essinsje fan it bedriuw altyd bestean bleaun: "Ik ken elkenien dy't yn de winkels wurket by namme. It is gesellich en ik krij altyd in goed gefoel as ik binnen kom. Dat is foar my ek it útgongspunt en dat wol ik sa hâlde."

Van der Velde tinkt dêrom dat se noch ûngefear trije bedriuwen oernimme kinne foardat it tefolle wurdt. "It moat foar ús ek te behappen bliuwe."

Tweintich prosint minder

Op dit stuit binne der 37 boekwinkels yn Fryslân, dat is 20 prosint minder as fiif jier lyn. Dat blykt út sifers fan de Kamer van Koophandel. Yn 2016 ha de boekhannels in djiptepunt berikt. Doe wiene der mar 34 winkels yn de hiele provinsje.

Van der Velde: "Op sa'n momint fiele je wol in ferplichting nei it folk en je berop. As der in boekhannel by ús oankloppet en wy kinne it net oernimme. Dan fielt it wol as dat it fuortbestean op ús skouders leit. Dat soarget der wol foar dat wy somtiden yn in ûngemaklike spagaat komme te stean."

Van der Velde liket út dy spagaat te kommen want no, twa jier letter, hat Fryslân wer 37 boekwinkels. En it opfallende is, dat dit mear is as ús buorprovinsjes Grinslân en Drinte bymekoar. Grins hat yn 2018 19 boekwinkels en Drinte mar 13.

Foto: Omrop Fryslân

Lokale selsstannige boekhannels

De krimp is it meast te fernimmen by de lokale selsstannige boekwinkels. Sy betinke harren eigen wize om de holle boppe wetter te hâlden. Sa ek Planteyn Boeken op De Gordyk dy't al sûnt 1935 literatuer ferkeapet.

"De ôfname fan boeken it dúdlik minder wurden. Dêrom moatte wy der oare dingen by sykje. Boartersguod bygelyks, dat ferkeapje wy no ek. En wy rjochtsje ús op de ferkeap fan berneboeken. Ynvestearje yn de klanten fan de takomst", fertelt Clements Kamsma.

Hy en syn frou binne sûnt 2000 eigener. Kamsma fynt it tige wichtich dat boekwinkels as dy fan him bestean bliuwe. "Asto allinnich mar online boeken keapest, dan kinst der net eefkes trochhinne blêdzje of ús freegje om ried. Wy witte presys wat wy ferkeapje en kinne boeklêzers dêrtroch goed stypje om leuke boeken foar harren te finen."

REPO boekhannel Kamsma

Gean troch mei feroarjen

In tip dy't Ad Peek meijaan kin oan oare boekwinkels is: gean troch mei feroarjen. En dat kin op alle mooglike manieren. Hy jout as foarbyld dêrfan de gearwurking mei biblioteken."We hebben allemaal hetzelfde doel: dat mensen blijven lezen. Of we de boeken nou verkopen online, aan particulieren of bibliotheken. Het blijft verkoop."

In oar foarbyld is de boekferkeap op ynternet. Dêr ha boekhannels in soad lêst fan: fan elke tûzen euro omset is fjouwerhûndert nei boekferkeap fia ynternet gien neffens Van der Velde. Mar dat betsjut net dat je dy klanten kwytreitsje. Je moatte ynvestearje yn de ferkeap fia ynternet, sa seit Kamsma. "Kinst dyn kop wol yn it sân stekke, mar moatst dochs mei de tiid mei."

Dêrom is Planteyn Boeken oansletten by BLZ, in online-websjop foar lokale boekhannels. "Us klanten kinne sa ek online boeken by ús bestelle. Der is gjin ferskil mei bol.com, mar sa hat dyn lokale boekwinkel der wol profyt fan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)