Ald en nij kostet De Fryske Marren goed 28.000 euro

23 jan 2019 - 17:15

Nettsjinsteande in relatyf rêstige jierwiksel yn de gemeente De Fryske Marren, wie der dochs aardich wat skea. De reparaasjekosten binne 28.000 euro, hat de gemeente berekkene.

Foto: Flickr

Der binne gjin minsken swier ferwûne rekke. It nije karbidbelied fan de gemeente is nei eigen sizzen ek goed ûntfongen troch de ferskate karbidploegen. Karbidsjitten is tsjintwurdich allinnich tastien mei in molkbus fan maksimaal fjirtich liter.

Allinnich de ploech fan Sint-Nyk hat it karbidkanon ynset. Dy is yn beslach nommen. Der wiene in pear klachten oer de lûdsoerlêst dêr't húsdieren lêst fan hiene. De gemeente sil sjen hoe't dêr takom jier rekkening mei holden wurde kin.

Skea oan strjitmeubilêr

It bedrach dat de gemeente kwyt is oan skansearre strjitmeubilêr is heger as it ôfrûne jier. Benammen de skea oan buorden, ferljochting, konteners en trije ûndergrûnske glês- en ôffalkonteners is heech: goed 24.000 euro. Fierder wie der brânskea oan de dyk (500 euro). It opromjen fan hout mei asbest, dat dumpt is, kostet 3.000 euro.

De gemeente ferwachtet tsien persint fan de kosten ferhelje te kinnen op de dieders. Dat slagget yn tsien persint fan de totale kosten, ferwachtet de gemeente.

Putten fernield

Der komme noch wol wat kosten by: alle jierren wurde putten fernield troch fjoerwurk dat deryn smiten wurdt. De gemeente wit noch net om hoefolle it dit jier giet. Ferline jier moasten 106 putten reparearre of ferfongen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)