Foto fan Maarten van der Weijden wint Zilveren Camera

23 jan 2019 - 16:25

Twa foto's mei in Frysk ûnderwerp hawwe in Zilveren Camera wûn, de priis foar Nederlânske fotosjoernalistyk. It giet om in foto fan Maarten van der Weijden dy't by Burdaard syn Alvestêdeswimtocht staakt, makke troch Remko de Waal. Dizze foto hat wûn yn de kategory nasjonaal nijs.

Foto: ANP

Yn de kategory polityk hat Freek van den Bergh wûn mei in searje oer it Fryske Twadde Keamerlid Pia Dijkstra fan D66 en har sukses mei de Donorwet. In foto fan de Fryske fotograaf Jilmer Postma is tredde wurden yn de kategory 'Kunst Cultuur en Entertainment'. Hy makke in foto út de loft mei in drone, ferline jier oktober doe't in keppel skiep ûnderweis wie fan Beetstersweach nei Ljouwert. De útrikking fan de Zilveren Camera is op 1 febrewaris yn Hilversum.

Publykspriis

De Stichting De Zilveren Camera hat ek in publykspriis yn it libben roppen. Fan woansdei ôf kin elkenien stimme op ien fan de tsien foto's dy't troch de faksjuery selektearre binne. Se binne ek yn it grut te sjen yn it Museum Hilversum. Stimme kin oant 24 maart.

Trefwurden: 
priis foto Zilveren Camera
(Advertinsje)
(Advertinsje)