Twizeler (18) ferwûne nei sniegliden achter auto yn Surhústerfean

23 jan 2019 - 15:51

In 18-jierrige jonge út Twizel is tiisdeitejûn ferwûne rekke yn Surhústerfean, nei't er op in rubberen bân efter in auto troch de snie glied. Bylden fan it momint wurde in soad besjoen op ûnder oare WhatsApp en Facebook.

Snieriden Surhústerfean

Op de bylden is te sjen dat in auto aardich hurd oer De Kolk yn Surhústerfean rydt. Op it momint dat de auto in flauwe bocht makket, giet de jonge op de rubberen bân rjochttroch en botst tsjin in pealtsje.

"Filmke manipulearre"

De bestjoerder, in jonge fan 19 jier fan De Harkema, seit dat it filmke manipulearre is en dat er sa'n fyftjin kilometer yn it oere ried. Dat barde yn 'e omjouwing fan it Torenplein. Hy is skrokken fan wat der bard is en al it omtinken dat it filmke krijt.

De plysje seit dat de bestjoerder bekeurd is fanwegen it feroarsaakjen fan in gefaarlike ferkearssituaasje. Foar de plysje is de saak no dien, der wurdt gjinien ferfolge.

Trefwurden: 
ferwûne Surhústerfean snie
(Advertinsje)
(Advertinsje)