Provinsje stekt de nekke út mei 0-emisjetrein yn 2025

23 jan 2019 - 15:45

De regionale spoarlinen fan Ljouwert nei Harns, Starum en Grins krije op syn lêst yn it jier 2025 saneamde zero-emisjetreinen. De diseltreinen fan Arriva wurde uterlik yn dat jier ferfongen troch treinen mei batterijen, dy't op guon stasjons opladen wurde sille. Provinsjale Steaten joegen woansdei grien ljocht foar de operaasje, dy't mei-inoar sa'n 77 miljoen euro kostet.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fryslân is tige ambisjeus mei it plan foar de 0-emisjetreinen, mar neffens deputearre Kramer is it plan wol deeglik útfierber. Ek partijen as ProRail en Arriva fine it plan om de fersmoargjende diseltreinen te ferfangen troch skjinne treinen de muoite wurdich.

In lytse komplikaasje is lykwols dat de provinsje Grinslân kieze wol foar treinen op wetterstof en net foar treinen mei batterijen. "Wetterstof is nijsgjirrich, mar dy technyk is noch net safier dat soks al yn 2025 kin", seit Kramer dêroer.

2025

Neffens him is wetterstof earder in opsje foar de langere termyn. Yn 2025 krijt de spoarline fan Ljouwert nei Grins in elektryske 0-emisjetrein. "It moat fansels net sa wêze dat minsken yn Bûtenpost oerstappe moatte op in hiel oare trein, dan binne we ferkeard dwaande."

Kramer hopet dat oare oerheden letter it Fryske foarbyld folgje sille. Hy hopet ek op in bydrage fan it Ryk, want it duorsum meitsjen fan de trein leveret ek in bydrage oan it heljen fan it klimaatakkoart fan Parys.

De PvdA fynt dat de provinsje de kommende tiid wurkje moat oan in strategy om mear minsken 'út de auto en yn de trein' te krijen. "As je dat dogge, is de miljeuwinst noch folle grutter. Ik fyn dat we dêr in aksjeplan foar meitsje moatte", fynt Steatelid Edou Hamstra. Sy wennet no yn Ljouwert, mar komt fan Eastermar en hat gjin auto. "Mei in opropbuske, dat je belje moatte, is Eastermar goed te berikken mei it iepenbier ferfier. Ik soe graach sjen dat folle mear minsken yn Fryslân mei it OV reizgje."

Johannes Kramer is dat mei Hamstra iens, mar heakke der oan ta 'dat it bysûnder lestich is om autoriders yn trein of bus te krijen'. "Dat is net samar klear."

De PVV wie tige kritysk oer de Fryske ambysje foar 0-emisje-treinen. Steatelid Harry Graansma hie it oer "linkse dreamen dy't de boarger op kosten jeie." Neffens him is de bêste metoade foar it tebekkringen fan CO2 'geboortebeperking'. It Steatelid waard nei dy opmerking ôfhammere troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. "Neffens my is dat gjin kompetinsje fan Provinsjale Steaten."

Deputearre Johannes Kramer oer de 0-emisjetrein

PvdA-steatelid Edou Hamstra wol dat mear Friezen gebrûk meitsje fan iepenbier ferfier

(Advertinsje)
(Advertinsje)