Flylanner fjoertoerpachter sit him te ferbiten; renovaasje leit stil

Fjoertoerpachter op Flylân Germ Veenstra hat de smoar yn. Al in pear moannen sit er him thús te ferbiten, want de toer is al in skoft ticht.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"It spilet eins al sûnt maaie. De toer moast in opknapbeurt ha, mar dan soe dy yn de simmermoannen ticht wêze. Dat binne krekt de drokste tiden mei toeristen. De gemeente hat doe ynset om dat op te skowen. Tusken septimber en desimber soe de toer blank en opnij ferve wurde moatte. Dat blank meitsjen ha se dien, se ha de farve derôf stoomd. Doe't se dêr klear mei wienen, seinen se 'we komme yn maart, april wer werom'. Ik wie ferbjustere. Dan is de toer dus salang ticht en kin ik gjin minsken ûntfange."

Drok besocht

Hy mist sa in stikje ynkommen, mar slimmer fynt er dat de toer, it drokst besochte punt fan Flylân, net tagonklik is foar toeristen. Dy soenen oars op woansdei en yn de wykeinen komme kinne.
"De toer is keal makke, mar de resten moatte der ôfstraald wurde. Dêrfoar moat de toer ynpakt wurde. Dat wie ek al dien, mar it plestikdoek wie stikken waaid. Fanwege it stoarmseizoen komme se dus yn it foarjier werom. Dan ha se noch fjouwer oant seis wiken wurk. Hooplik kin de toer heal maaie of begjin juny wer iepen."
Foarearst sit Veenstra dus noch thús. "Ik bin sa'n mantsje dat altyd fan alles om hannen hat. Ik bin al fiif jier mei pensjoen, mar fyn it leuk om mei minsken om te gean."

Ljocht

It ljocht yn de fjoertoer kin wol gewoan baarnen bliuwe.
© Maurits Grijpstra
Germ Veenstra