Boargemaster Fred Veenstra oer opfang asylsikers yn Balk: "It is ús taak"

23 jan 2019 - 13:06

De gemeente De Fryske Marren hat as taak om opfang te bieden oan flechtlingen. Dat seit boargemaster Fred Veenstra nei oanlieding fan it foarnimmen fan it COA om it asylsikerssintrum yn Balk wer te iepenjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren oer it azc yn Balk

Noch mar fjouwer moanne lyn gie it azc yn Balk ticht. Mei de ûntbleating fan in monumint kaam der in ein oan de opfang fan flechtlingen yn it doarp. Alteast, dat like sa, want oer minder as trije moanne moat it sintrum al wer iepen, as it oan it COA leit.

"Unnedige ûnrêst"

Yn Balk fynt tongersdei in ynformaasjejûn plak oer wat der krekt te gebeuren stiet. Yn it doarp binne se bot fernuvere oer de koarte sluting en hat dy foar "ûnnedige ûnrêst" soarge. De Balksters freegje harren ôf oft dat net oars kinnen hie. Neffens boargemaster Veenstra is dat in fraach dy't oan it COA steld wurde moat.

Druk op it COA

It azc gie yn 2016 iepen en der wie in kontrakt sletten oant 2021, mei in ôfbouperioade oant de maitiid fan 2020. Op basis fan de ynstreamsifers fan flechtlingen sei it COA ferline jier lykwols dat der gjin behoefte mear wie oan it azc yn Balk. "Mar yn it nije jier kaam der wer safolle druk op it COA, dat der safolle minsken opfongen wurde moasten yn azc's, dat se hjir en dêr wer besykje asylsikerssintra iepen te krijen", seit boargemaster Veenstra.

"Wy ha in taak op dit punt"

"We ha as kolleezje fan B en W sein dat we fine dat we ek in taak op dit punt ha", sa seit Veenstra. "Der binne minsken yn need, dy ha opfang nedich en wy fine dat ek ús gemeente dy opfang biede moat." De boargemaster hat net it idee dat der tsjinstanners binne tsjin de weriepening fan it azc. "Dêr ha we op dit momint absolút gjin sinjalen fan."

(advertinsje)
(advertinsje)