De iisbaan yn Burgum is iepen: boargemaster en bern genietsje folop

23 jan 2019 - 12:56

De iisbaan fan Burgum is lang om let iepen. Boargemaster Jeroen Gebben mocht woansdei it earste rûntsje meitsje: "It is in moaie baan en dat yn Burgum, wat wolle jo noch mear! It iis leit der superstrak yn. Burgum hat jierren net in iisbaan hân, we ha hjir jierren nei talibbe. Elk yn de regio kin derfan genietsje."

De iisbaan yn Burgum is iepen

Bern fan basisskoalle de Reinbôge mochten fan de masters al te riden. Se binne hiel entûsjast en fine it machtich.

Snieskowe

Johannes Paulusma hat it tiisdeitejûn mei in ploechje noch aardich drok hân. "De baan moast skjin, mei skowers en masines ha we de baan sniefrij makke. Dat wie bêst in soad wurk. Doe't we om kertier foar tsienen oan in bakje sieten, begûn it wer te snijen en moasten we wer. Om alve oere wie de baan skjin. Ik fernim de spieren no wol, mar we ha it oprêden. It is in feest foar de bern en dêr dogge je it foar."

Hy hopet op noch in pear moaie froastnachten, sadat de bern tongersdei en freed ek noch ride kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Bauke Deelstra wie op de iisbaan yn Burgum

Maraton?

Sûnt oardel jier hat Burgum in saneamd Wetter- en Willepark, as kompensaasje fan de nije dyk de Sintrale As. In 400 meter skeelerbaan is dêryn in wichtich ûnderdiel. Simmerdeis kin der skeelere wurde en winterdeis dus riden op iis. De baan waard ein ferline jier oplevere.

It is foar de iisklup yn Burgum noch wol wat eksperimintearjen hoe't se it iis it bêste oanpakke kinne. Se hienen tefolle wetter op de baan set. Mooglik kin yn de takomst yn Burgum de earste maraton op natueriis fan Nederlân ferriden wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
Burgum iisbaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)