Ynfojûn oer fleanrûte Lelystad Airport lûkt net in soad belangstelling

23 jan 2019 - 12:21

De ynformaasjegearkomste op It Hearrenfean oer de nije fleanrûte oer Fryslân fan Lelystad Airport luts tiisdeitejûn net in soad publyk. Sa'n fyftjin minsken kamen ôf op de jûn, dy't troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat organisearre waard.

Foto: ANP

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de gearkomste oer de fleanrûte

It fernijde fleanfjild by Lelystad moat takom jier de doarren iepenje en in protte fakânsjeflechten fan Schiphol oernimme, mar oft dat slagget, is noch mar de fraach. Oer de fleanrûtes oer Fryslân hinne is ûnrêst ûntstien, want guon minsken meitsje harren soargen oer mooglike oerlêst fan de fleantugen.

It lûd dat ôfrûne oktober metten waard by de saneamde 'belevingsvluchten' fan Lelystad Airport wie neffens minister Cora van Nieuwenhuizen wol heger as berekkene, mar bleau binnen de tastiene marzjes.

It ministearje sil yn Zwolle, Enkhuizen, Lelystad en Hoogeveen noch mear ynformaasjûnen organisearje. Yn Fryslân komt der noch in gearkomste dy't organisearre wurdt troch ferskate pleatslike belangen en in gearkomste op it provinsjehûs yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)