Oanspield guod út konteners te sjen by seehûnesintrum yn Pieterburen

23 jan 2019 - 12:15

Yn seehûnesintrum Pieterburen is woansdei in eksposysje iepene oer de kontenerramp. It doel is bewustmeitsjen fan de skaal en gefolgen fan dizze ekologyske ramp. Neist juttersguod as skuon, sjippepompkes, pypskûm, en boartersguod is der ek omtinken foar it wittenskiplik ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins.

Oanspield guod út konteners te sjen by seehûnesintrum yn Pieterburen

"De tentoonstelling is aan de ene kant bedoeld als dank voor al die vrijwilligers die zich wekenlang hebben ingespannen om de kust schoon te maken. Het is bizar, hoeveel spullen zijn aangespoeld", fertelt Sander van Dijk.

Oan de oare kant wol er ek wize op de gefolgen op lange termyn. "Bizar zijn bijvoorbeeld auto-onderdelen, maar nog erger zijn de miljoenen korrels die zijn aangespoeld. Die zijn niet zomaar weg uit het ecosysteem. Het lijkt piepschuim, maar het is een grondstof, voor ander hard kunststofmateriaal. Vooral in de vloedlijn, zie je de korrels. Het is een ecologische ramp voor planten en dieren."

Hy wol de tentoanstelling letter noch mear útwreidzje. "Het is een actueel onderwerp, afval in zee, voor dat probleem willen we meer aandacht vragen."

De RUG docht dêr ek ûndersyk nei, ek foar de gefolgen op lange termyn. Geregeld sil dy ûndersyksresultaten diele mei it seehûnesintrum. Ek lokale keunstners dogge in bydrage oan de eksposysje.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ronnie Porte is by de eksposysje en praat mei Sander van Dijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)