Auto bedarret yn sleat by Langsweagen; bestjoerder ferwûne
By in iensidich ûngelok op de Klidze Rjocht by Langsweagen is woansdeitemoarn de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De auto rekke yn in slip en bedarre yn de sleat neist de dyk.
De bestjoerder rekke beknipe en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Der is ek in traumahelikopter oproppen.
It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De dyk wie tydlik ôfsletten, sadat de helptsjinsten harren wurk goed dwaan koene.