Eaststellingwervers mei oerwearde op hûs kinne jild fia gemeente liene

Ynwenners fan Eaststellingwerf kinne de oerwearde op harren wenning tenei brûke om in liening by de gemeente ôf te sluten. Eaststellingwerf begjint as earste gemeente yn Fryslân mei in 'fersulverliening'.
Hypoteek © Shutterstock.com
De gemeente hat der 300.000 euro foar oan de kant set. Mei it jild kinne hûseigeners oanpassingen lykas in treplift finansierje. De rinte en de skuld fan de liening wurde opteld by de restskuld fan de hypoteek, wêrtroch't de moannelêsten fan de eigener net omheech geane.
De minimale leeftiid om meidwaan te kinnen is 60 jier en de wenning moat op syn minst in jier âld wêze. De oanfreger fan de liening moat sels yn it hûs wenje. De persoan kin minimaal 2500 euro en maksimaal 35.000 euro liend wurde.
Mei it inisjatyf wol de gemeente stimulearje dat minsken sa lang as mooglik yn harren hûs wenjen bliuwe kinne.