Sloop fan histoaryske hûskes yn Drachten is foarearst fan de baan

23 jan 2019 - 11:25

De sloop fan 34 histoaryske arbeidershûskes oan de Gielgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart yn Drachten is foarearst útsteld. Wenningkorporaasje Accolade wol de hûskes slope en ferfange troch nije, enerzjysunige wenten.

Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Smellingerlân trapet nei oanlieding fan reaksjes út de buert en histoaryske feriening Smelne's Erfskip lykwols op de rem. Der komt no earst in ûndersyk oft de wenningen in monumintestatus krije kinne en oft renovaasje yn dat gefal mooglik is.

Sa lang't dat ûndersyk duorret, kinne de wenningen net sloopt wurde.

Hecht buertsje

Bewenner Wierd de Haan wit noch net rjocht wat er oan de brief hat mei dêryn de oankundiging om te ûndersykjen oft de huzen in monumintale status krije kinne. "Dan kinne se likegoed noch sloopt wurde as se it net de muoite wurdich fine. Of inkeld de foarkant en sydkant moatte bewarre bleaun wurde en de rest mei sloopt."

Rienk van Houten fan it buertkomitee striidt ek foar behâld. "It is in moai stikje âld Drachten, it hat karakter. We ha moaie grutte tunen, it is in hecht buertsje, minsken bliuwe hjir lang wenjen. In nij hûs klinkt leuk, mar nimt mear romte yn en de helte fan de bewenners kin dan net weromkomme. De buert falt dan út elkoar."

Wierd de Haan en Rienk van Houten

Smelne's Erfskip neamt it prachtich dat de status ûndersocht wurdt. "We fine dat der goede redenen binne om dizze wenningen te behâlden. It giet om de âldste noch besteande sosjale wenningbou yn Drachten. De huzen komme út 1920. Doe wie der in soad earmoede. Monuminten kinne ek fan belang weze om't it kultuerhistoarysk skiednis wearde hat", fertelt Roelof Hazelhoff. "It moaie is dat ek noch ien kompleks is."

Andries Pieterson begûn de petysje. "De woningen zijn beeldbepalend in de ontwikkeling van Drachten. Er is al veel afgebroken, daarom ben ik de petitie gestart."

Roelof Hazelhoff, sekretaris fan Smelne's Erfskip en Andries Pieterson fan de petysje tsjin sloop

(advertinsje)