Selstraf easke tsjin mem dy't minderjierrige dochter yn kontakt brocht mei manlju

23 jan 2019 - 11:17

Tsjin in 51-jierrige frou fan De Jouwer is 10 moannen sel easke, om't se yn 2012 har minderjierrige dochter yn kontakt brocht mei twa manlju. In 42-jierige man út Schagen joech it famke in massaazje yn de wenning fan har mem. In pear moannen letter brocht de mem har dochter nei Emmeloord, dêr't se in nacht by in 33-jierrige man bleau. Neffens it Iepenbier Ministearje hat de man doe seks mei it famke hân.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de mem hie se mei har dochter yn it foar oerlein en soe dy neat tsjin har sin dien ha. It famke ferklearre just dat de mem tsjin har sein hie dat se net op stap mocht as se har net massearje litte soe.

Smertejild

It famke hat no in posttraumatyske stresssteurnis en is ûnder behanneling fan in psycholooch. Se foarderet 2.500 euro smertejild fan har mem en fan de manlju wol se 2.000 en 3.500 euro smertejild. Tsjin de manlju binne selstraffen fan 3 oant 15 moannen easke.

De rjochtbank docht op 5 febrewaris útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)