Rely Jorritsmapriis foar de 65ste kear útskreaun

23 jan 2019 - 11:10

Der Rely Jorritsmapriis, in Fryske literatuerpriis foar Fryske ferhalen en gedichten, is wer útskreaun. It is de 65ste kear dat de wedstriid organisearre wurdt. De winners wurde útkeazen troch in faksjuery.

Foto: Omrop Fryslân

Dichter Rely Jorritsma (Jellum 1905-Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.

Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch boargemaster en wethâlders fan Ljouwert, de gemeente fan Rely syn bertedoarp Jellum. Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) helpt by de organisaasje.

De ynstjoertermyn slút 13 maaie.

Wa't meitingje wol nei de priis kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl.
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)