It iis op? Op dizze banen yn Fryslân sil it heve!

Hasto de redens al út it fet en kinst net wachtsje oant datst it iis op kinst? Dan hawwe wy goed nijs foar dy! Der binne al ferskate plakken yn Fryslân dêr'tst it iis op kinst. Op de Omrop Fryslân iisaginda sjochst in oersjoch mei Fryske iisbanen en links nei aktuele ynformaasje op Facebook of de webside fan de iisbaan.

Grien betsjut dat de iisbaan iepen is. Read betsjut dat de iisbaan ticht is en by blau is der noch gjin ynformaasje bekend. In soad reedryd-wille tawinske!
Hasto in korreksje of mear ynformaasje oer de status fan de baan foar ús? Of stiet dyn baan der noch net by? Lit it ús witte fia it kontaktformulier!