Provinsje sil net yngripe om sânwinning yn Iselmar op te kearen

Deputearre Steaten fan Fryslân sjogge op dit stuit gjin oanlieding om yn te gripen yn de diskusje om wol of net útein te setten mei grutskalige sânwinning yn de Iselmar. Deputearre Johannes Kramer sei dat woansdei yn Provinsjale Steaten yn antwurd op krityske fragen fan PvdA, GrienLinks en de Partij voor de Dieren.
© Age van der Bles
De trije partijen fine dat oanfoljend ûndersyk nedich is nei mooglike skea oan de natuer as gefolch fan de sânwinning. De partijen wiisden de deputearre der op dat de Iselmar diel útmakket fan de Natura-2000 beskerming fan de Europeeske Uny. Yndustriële sânwinning soe yn striid wêze mei dy beskerming, fynt Steatelid Jan-Atze Nicolai fan GrienLinks.
Johannes Kramer sei yn syn beäntwurding dat de beslútfoarming thúsheart yn de gemeenteried fan De Fryske Marren. Provinsjale Steaten meie der wol oer prate, mar nimme it beslút net. Kramer: "Wy hawwe in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn op basis fan de wet. Dêrby is de oanfraach fan it bedriuw Smals liedend en net de beslútfoarming yn de ried."

Yn striid mei Europeeske beskerming?

Op de fraach oft sânwinning yn striid is mei Europeeske beskerming koe Kramer gjin antwurd jaan. "Dat moat ik útsykje. Jo krije dat antwurd letter skriftlik."
Kramer wiisde der fierder op dat nei in mooglik posityf beslút oer sânwinning tsjinstanners fan dy aktiviteit alle mooglikheden hawwe om dêr beswier tsjin te meitsjen. Kramer wie it net mei de PvdA-fraksje iens dat de gemeente De Fryske Marren earder te maklik in saneamde 'verklaring van geen bedenkingen' ôfjûn hat. "Dat leau ik net. Dizze oanfraach is al hiel lang ûnderweis."
Deputearre Johannes Kramer